Abdomen, Martin Rombouts, Maxime Garcia Diaz en Dean Bowen - Poetic Resistance

 Fjoerich ferset yn wurd en lûd

Tiidens Poetic Resistance ûnderfine jo in razende ynteraksje tusken de Ljouwerter punk/garageband Abdomen en de performers Martin Rombouts, Maxime Garcia Diaz en Dean Bowen. Spesjaal foar Explore the North stekke dizze makers de holle by elkoar foar nij wurk oer lilkens en ferset. Se binne boasaardich en dat sille jim witte! In fjoerige krúsbestuiving en in poëtyske oanklacht fan seis jonge, talintearre makkers. In produksje fan Explore the North. Poetic Resistance gie yn premjêre op Explore the North 2019.