Station Noord is it plak yn Noard-Nederlân wêr’st dy as poadiumkeunstner fierder ûntwikkelje kinst.
Yn 2025 is der romte foar 2 nije makkers yn de hub muzyk/theater/performance en de hub literatuer/meartaligens. Oanmelde kin oant en mei 19 septimber, as yndividu, duo of kollektief.
Binnen Station Noord krijst as makker de romte, rêst en in finansjele basis om dyn artistike ûntwikkeling nei in heger plan te bringen, tegearre mei de partnerynstellingen en oare teatermakkers út it netwurk. Station Noord siket makkers mei in dúdlike bining mei Noard-Nederlân dy’t dit as harren natuerlike wurkgebiet beskôgje. Explore the North is fêste partner yn dit gearwurkingsferbân. In protte nij wurk fan Station-Noord-makkers is ek te sjen yn ús festivalwykein.