Tip fan it jier: Nothing Bigger Than Humanity
9 Feb 2026

“Wat brocht dy nei dizze tafel?” – “Myn hert.”

Op freed 20 febrewaris komt de groep Resonate Productions nei Podium Explore mei har programma Nothing Bigger Than Humanity. Ferline jier soe de groep op ús festival spylje mei dizze unike show, mar se sieten foar in oar festival yn New York. Wy binne bliid dat wy no dochs dit prachtige programma yn Podium Explore presintearje kinne!

Tegearre lústerje wy nei ferskate opnommen ynterview oer histoaryske barrings. It binne barrings dy’t yn Europa wat minder bekend binne, mar dy’t ús in soad sjen litte oer hoe’t wrâldwide macht wurket. Nei elk lûdsfragment is der romte foar it publyk om eigen gedachten te dielen. Dizze live reaksjes bepale hoe’t elke foarstelling him ûntjout: gjin ienige gearkomste is itselde. De totale doer fan dit programma is 2,5 oere, mar do kinst tidens de foarstelling frij yn- en útrinne. Wy soargje foar in drankje en snacks. Der is gjin foarkennis nedich fan de skiednis út it programma.

(…) in pleister op ús siel troch tegearre te lústerjen yn in dielde romte (…) – de Theaterkrant