Nije programmareeks SHIFT fan start
18 Sep 2025

Hjoed is yn De Harmonie de alderearste foarstelling te sjen binnen it programma fan SHIFT!

SHIFT is in splinternije gearwurking tusken Explore the North en Stadsschouwburg De Harmonie. It hiele jier troch litte wy dy foarstellingen sjen dy’tst eins net misse kinst, bûten de fêste paden fan it teater. Sawol by ús yn Podium Explore as yn De Harmonie.

Dizze searje wurdt ôftrape mei de foarstelling Meer dan Bauxiet fan Emma Lesuis. Yn dizze muzikale live-dokumintêre giet se op syk nei wat der yn Suriname barde yn de Twadde Wrâldoarloch. Mei argyfbylden, ynterviews en de muzyk fan Silbersee bringt se in fergetten skiednis ta libben. Meer dan Bauxiet wie ien fan de publyksfavoriten op Oerol 2024.

SHIFT: Emma Lesuis – Meer dan bauxiet
tongersdei 18 sept
20:30 oere
De Harmonie

Kaartsjes via de Harmonie