Vieze Meisje bringt poëzij, dikke rave, humor en performance nei de sneinmiddei fan ús festival. Life is a vieze cirkel — en do heart derby.
Mei De Virginie Loveling Heartbreak Show wekken Johannes Lievens, Mees van Rijswijk en Marieke Ornelis as Drie Dagen Fris it wurk fan Virginie Loveling, in hast fergetten Flaamske skriuwer, wer ta libben.
Tegearre mei Popfabryk helje wy yn it ramt fan it talintûntwikkelingsprojekt Excite twa artysten nei Ljouwert: Sheebaba en Jonas Ringtved! Sheebaba makket as Luxemburgs-Dútsk art-school duo meartalige wave dy’t muorren delhellet, generaasjes ferbynt en dy ek noch útnoadiget om dyn bêste goth-moves te sjen litten. De nije Deenske country-stim Jonas Ringtved is in útsûnderlike start foar it kweken fan hoop en ferset.
Lês mear oer de artysten en de foarlopige line-up op ús festivalpagina. Letter dizze wike meitsje wy wer nij programma bekend!