In twa-minút-fjouwerenfjirtich-sekonden lange snare drum drone dy’t klinkt as in weach dy’t stadichoan it strân opkrûpt. De tsjustere basdrum hertklop fan de ierde dêrûnder. De ûnheilspellende lira-melodie dy’t as drippen wetter troch in betonnen wolkenlaach it doarp yn falt. De stim dy’t troch de strjitten rint en se ien foar ien by namme neamt.
Filmmakster Ester Eva Damen pakte it liet Makkum fan Zea op en hâlde it tsjin it ljocht en dêrút kaam de ûndersteande fideoclip.
Wylst it wetter troch de strjitten fan it Fryske kústplak Makkum stroomt, lit Damen de trommel skitterje yn de sinne. De trommel, it ultime kommunikaasjemiddel, brekt troch de wolken en smeedt in doarp ta in mienskip.
Zea treedt binnenkort noch in pear kear op tegearre mei DRUMBAND HALLELUJAH MAKKUM:
17 januari – Makkum, Nieuwjaarsconcert
5 februari – Amsterdam, BIMHUIS (met vele gasten)
20 maart – Leiden, Peel Slowly and See Festival
Kijk de video hier: