Zindzi Tillot Owusu

Website

Zindzi Tillot Owusu (1997) wennet yn Brussel en studearret Writing for Performance oan de LUCA School of Arts. Se is lid fan it feministysk skriuwerskollektyf Hyster-X en redakteur by it literêr boarneplatfoarm Kluger Hans. De ôfrûne jierren hat se foaral as dichter en performer wurke. Tsjintwurdich hâldt se har ek dwaande mei proaza, fideokeunst en regy. Har wurk kin omskreaun wurde as melancholyske fever dreams mei skerpe rânen.