Yvonne Zeegers is skriuwer en dramaturch. Se studearre Skiednis oan de Rijksuniversiteit Groningen en Gender Studies oan de Universiteit Utrecht. Foar har staazje die se ûndersyk by it literêr produksjehûs Wintertuin yn Nimwegen. Nei har stúdzje ûntwikkele se harsels as skriuwer en dramaturch yn de literatuer en poadiumkeunst. Har wurk waard sjen litten op it Noorderzon Festival, Into the Great Wide Open en by Toneelschuur Producties yn Haarlem. Mei choreograaf Gaja Caruso makke se de multydissiplinêre foarstellingen The Lamb, The Fly, The Tiger (2021) en Peach Season (2023). Dizze produksjes wiene ûnder oaren te sjen op it Jonge Harten Festival en Festival Explore the North. Yvonne is ek ferbûn oan de oplieding Creative Writing oan ArtEZ Arnhem.