Younes van den Broeck

Younes van den Broeck a.k.a. Spitler (1991) is byldzjend keunstner en skriuwer. Syn maatskiplike ynset set er om yn keunst, wurd en byld. Yn 2018 waard Younes troch Flaamsk-Nederlânsk hús deBuren selektearre foar de Parysresidinsje. Yn maaie 2018 krige hy de Koningin Mathildepriis yn gearwurking mei Commusaic vzw foar it projekt ‘Beats and bars’. Hjirfoar joech hy workshops yn finzenissen yn New York en België.