Wout Waanders

Wout Waanders (1989) skriuwt poëzie en proza en is in begenadige performer. Yn 2019 en 2020 wie er stêdsdichter fan Nijmegen. Syn wurk ferskynde ûnder oare yn Hollands Maandblad, Das Magazin, DW& en NRC Handelsblad. Wout stie op festivals lykas Zwarte Cross, Wintertuinfestival en Lowlands. Derneist is er op poadia te finen mei Boyband – in fiifkoppige literaire boyband – en mei de elektro formaasje Staatseinde. Hy wûn Write Now! ’s-Hertogenbosch en de Poëzieprijs van de Stad Oostende. Wout wie haadredakteur fan it literêre tydskrift Op Ruwe Planken. Yn 2015 waard er selektearre foar it Slow Writing Lab, en yn deselde jier ferskynde syn chapbook Olifantopia, in kruising tusken in dichtbondel en in pretpark. Yn 2016 ferskynde de bundel ek as poster. Derneist wurket er as skriuwcoach op de HAN. Op it stuit wurket Wout oan syn debuutbondel, dy’t by Uitgeverij De Harmonie útkomme sil.