Willem Thies

Willem Thies (1973) wennet en wurket yn Amsterdam. Hy studearre skiednis yn Grins, wie meioprjochter fan it literêre punkrocktydskrift Zeroxat en is redakteur en skriuwer foar it kulturele jongerenmagazine Simpel. Thies publisearre syn poëzie ûnder oare yn Passionate, De Twadde Rûn, De Brakke Hond, Nymph, Krakatau, Hollands Maandblad, De Academische Boekengids en The Polranny Times. Yn 2006 debutearre hy mei de dichtbundel Toendra, dy’t de C. Buddingh’-prijs krige. Syn twadde bundel, Na de vlakte (2008), waard nominearre foar de J.C. Bloemprijs. Yn maart 2012 ferskynde syn tredde bundel, Twee vogels één kogel, en yn 2015 Meer mensen dan reddingsvesten. Medio septimber 2018 ferskynt syn fiifde bundel: Na het paringsritueel… en syn sechste bundel is Schoon.