Willem Claassen kaam troch syn wurk as redakteur fan it literêre tydskrift Op Ruwe Planken yn Nijmegen yn kontakt mei De Nieuwe Oost (foarhinne Wintertuin). As aspirant-skriuwer waard er begelied troch Wintertuin en presintearre yn 2009 mei Hanneke Hendrix en Dennis Gaens de ferhalenbundel Het nieuwe zwart. Yn 2012 debutearre er mei syn roman Park by De Bezige Bij en in jier letter ferskynde de ferhalenbundel De koe die de Waal over zwom oer syn jeugd op ‘e pleats, by de Wintertuin. Yn 2014 wie Willem Schrijver In Huis, organisearre troch Wintertuin, de Literaire Salon en Vitalis WoonZorg Groep. Hy wenne en wurke trije wiken lang yn in appartemint fan Vitalis Berckelhof, en yn de útjefte Schrijver In Huis binne de ferhalen, yndrukken en sitaten bundeld dy’t er tiidens syn residinsje optekene.