Sabrine Ingabire is kolumnist, sjoernalist, minskenrjochtenaktivist en publike sprekker. Se studearre rjochten yn Brussel en is jongereadviseur by de Vlaamse Jeugdraad. Sabrine is berne yn Rwanda en nei België flechte doe’t se fjouwer wie. Se groeide op tusken Brussel en Flanders. Sabrine skriuwt al har hiele libben: se skreau in boek op har fjirtjinde en levere yn 2018 in bydrage oan de blomlêzing Zwart (Atlas Contact). Yn 2017 naam se diel oan de skriuwresidinsje fan deBuren yn Parys. Har artikels en kolumns ferskynden ûnder oare yn De Morgen, MO*, Charlie Magazine en De Correspondent. Op dit stuit wurket Sabrine foar NRC yn Nederlân.