Nynke Laverman is sjongeres, songwriter en spoken-word-artyst. Se befreget it libben en sparret dêrby ek harsels net. Nynke sketst poëtyske, surrealistyske wrâlden mei meastentiids akûstyske muzyk en ierdske teksten. Har ynspiraasje hellet se graach út reizen, wat te hearren is yn har muzyk. Nynke hat 7 albums op har namme stean, ynklusyf har nijste Plant, en de gelyknammige teäterproduksje. Foar har muzyk hat se ferskate prizen wûn, wêrûnder in Edison foar Nomade.
Yn 2018 iepene Laverman de Leeuwarden-Fryslân Culturele Hoofdstad van Europa en ûntwikkele se, yn gearwurking mei oaren, de koarte film en fideo-keunstprojekt One of Us. Yn 2020/2021 brocht se it album Plant út mei in stadige release en in byhearrende podcast.