Nicole van den Berg

Nicole van den Berg (1988) wennet, wurket en kuiert (mei har stabij Yuko) yn Ljouwert. Se skriuwt graach oer alle manieren wêrop minsken besykje der it bêste fan te meitsjen. Yn 2021 brocht se It Losrinfjild út, in sels yllustrearre bondel mei koarte en noch koartere ferhalen. Op útnoeging fan û.o. Ljouwert UNESCO City of Literature, Explore the North en deBuren makke se de ôfrûne jierren regelmjittich nij wurk foar literêre projekten, wêrûnder De VerwonderkamerUtsteld Lok en #NijeStikken. Ek publisearre se ûnder oare yn NRC Handelsblad, de Leeuwarder Courant, De Optimist en De Moanne.