Mona Thijs (1999) hat in mastergraad yn woordkunst. Se skriuwt proaza en poadiumteksten, makket teäter en hat in grutte leafde foar sosjaal-artistike projekten. Har koarte ferhalen binne ferskynd yn literêre tydskriften lykas DW B en Deus Ex Machina. Mona is hieltyd op syk nei nije foarmen foar har wurden. Yn de teäterfoarstelling Blueberries leave bruises on the skin, dy’t se mei Astrid De Haes regissearre, socht se nei it spanningsfjild tusken beweging en tekst. Op it stuit regissearret se de sosjaal-artistike teäterfoarstelling De Wakkeren, dy’t yn premiêre giet op Werelddag van het verzet tegen armoede.