Menno Wigman

Menno Wigman (1966-2018) wie ien fan de grutste en eigensinnichste dichters fan Nederlân. Syn styl waard kenmerke troch in swart-romantyske toan, wêrby’t er, troch in weemoedige blik, direkt ta de ferbylding spruts. “Poëzie hat net allinnich mei dúzelingwekkende presysje te krijen; ek opstannigheid is foar my essensjeel,” fertelde er yn 2016 oan John Schoorl fan De Volkskrant, by it útkommen fan Slordig met geluk. It soe syn lêste bundel wêze – “syn bêste bundel ea, syn swannesang”, neffens de sjuery fan de Ida Gerhardt Poëziepriis, dy’t postuum oan Wigman takend waard.