Meindert Talma is muzikant, sjonger en skriuwer. Sûnt 1997 binne der sechtjin tige eigensinnige en goed ûntfongen cd’s fan syn hân útbrocht. Meindert Talma stie solo en mei begeliedingsbands yn in protte bekende sealen yn Nederlân en België en op ûnder oaren festivals lykas Lowlands, Into the Great Wide Open, Zwarte Cross, Crossing Border, Eurosonic/Noorderslag, Oerol en Noorderzon. Earst tried hy op mei Meindert Talma & the Negroes, letter ek faak solo of mei bands yn wikseljende gearstellingen (û.o. mei de Rode Kaarten en The Melisma Saxophone Quartet). Sûnt medio 2016 treedt Talma wer op mei in fêste band, nei it útkommen fan de cd “Jannes van der Wal”. Talma hat as skriuwer fjouwer romans publisearre, mar ek in dichtbondel en in ynterviewboek. De romans kamen altiid combinearre mei in cd út.