Marrit Jellema

Website

Marrit Jellema wûn yn 2019 in Spoken Award yn de kategory ‘lyrics’. Har spoken word-debútalbum superpersoonlijk kaam yn juny 2021 út, en yn septimber datselde jier stie se yn de finale fan it NK Poetry Slam. Begjin 2023 brocht se har twadde album Foar Altyd út. Fan april 2021 oant febrewaris 2023 folge Marrit it Urban Arts Talent-trajekt fan it Fonds voor Cultuurparticipatie om har as artyst fierder te ûntwikkeljen. Se jout regelmjittich workshops poëzy en spoken word, organisearret tegearre mei Explore The North en City of Literature Ljouwert it spoken word-evenemint Hoge Woorden, en se stiet op poadia troch it hiele lân. Op 30 jannewaris 2024 waard Marrit Jellema útroppen ta stedsdichter fan Ljouwert.

Projecten