Marleen Nagtegaal

Marleen Nagtegaal (1981) is artistyk lieder en literatuerprogrammeur fan it festival en produksjehûs Explore the North. Se is ek sûnt novimber 2019 artistyk lieder fan Ljouwert UNESCO City of Literature. Marleen studearre Kunst, Cultuur en Media by de RuG, mei spesjalisaasje yn literatuerwittenskip, analyse en krityk. Earder studearre se teaterwittenskippen by de UvA. Yn 2016 publisearre se de ferhalenbundel Onthoofde man op vuilnisbelt (Uitgeverij Passage), troch it winnen fan it Hendrik de Vriesstipendium. De bundel krige in earfolle fermelding fan de sjuery fan de J.M.A. Biesheuvelprijs en waard nominearre foar de longlist fan de ANV Debutantenprijs. Marleen wie, foardat se by Explore the North belutsen rekke, twa jier haadkoördinator by Dichters in de Prinsentuin yn Grins.