Lisa Weeda

Lisa Weeda (1989) skriuwt proza, makket in literêr programma by Mooie Woorden yn Útert, jout les by ArtEZ Hogeschool foar de Kunsten en regissearret op it stuit de VR-produksje ROZSYPNE oer it oarlogsgebiet yn Oekraïne. Har wurk ferskynde ûnder oare yn Das Magazin, De Volkskrant, De Revisor en Tirade. Yn 2015 waard se selektearre foar it Slow Writing Lab. Yn 2016 ferskynde har chapbook De benen fan Petrovski by Wintertuin Uitgeverij. Op it stuit wurket se oan har debuutroman dy’t by De Bezige Bij útkomme sil.