LaTasha N. Nevada Diggs


LaTasha N. Nevada Diggs (Feriene Steaten) is skriuwer, stim- en lûdkeunstner. Se publisearre de bondel TwERK (Belladonna, 2013) wêryn se op in hybride wize de grinzen fan taal en stilen ôftaast. Har interdissiplinêre wurk wie te sjen yn it Brooklyn Museum, it Museum of Modern Art en it Whitney Museum of American Art yn New York, tiidens de QOW (Question Of Will) konferinsje yn Slowakije, op it Poesiefestival Berlyn en it ynternasjonaal Poeziëfestival yn Boekarest, yn it Walker Art Center, op de 56e Biënnale fan Venetië en yn Beijing as Red Gate Artist in Residence. As kurator en artistyk direkteur organisearre se eveneminten yn it BAM Café, Lincoln Center Out of Doors, The David Rubenstein Atrium, The Highline, Poets House en El Museo del Barrio. Diggs ûntfong meardere priizen en beurzen foar har wurk, ûnder oaren de New York Foundation of the Arts, de Barbara Deming Memorial Grant, de National Endowment for the Arts, de Jerome Foundation Travel and Study Grant, de Japan-US Friendship Commission, Creative Capital en de Whiting Foundation Literary Award foar poëzy yn 2016. Se wennet en wurket yn Harlem, New York.

Yn septimber wie Diggs yn Ljouwert om te wurkjen oan in unyk stêdsportret fan Ljouwert, in perioade dy’t se ôfslúten hat mei in performance yn de Academie foar Popkultuer.