Jules van Hulst (Nymwegen, 1984) is byldzjend keunstner. Hy begûn as skilder mar groeide út ta mediakeunstner. Syn fideo-wurk wurdt faak kombinearre mei in live-aspekt, en syn fertellingen hawwe in meastentiids mystike toan. Van Hulst wie 10 jier lid fan it ynternasjonaal priizge Collectief 33 1/3 en ûntwikkele mei harren ferskate muzyk-teäterfoarstellings en lokaasjespesifike ynstallaasjes. Bekend fan Blauwbaard (2011), dat yn The New York Times trije stjerren krige. Yn 2016 makke Van Hulst syn solo-debút mei de ynhâld en regy fan it iepeningsstik fan Classical Next en de produksje Owen Wingrave (Opera Bastille). Sûnt dy tiid hat er ûnder mear in koarte film makke mei Douwe Dijkstra, mar foaral de ferbining mei poëzy opsocht.