Joost Oomen

Joost Oomen

Website

Joost Oomen is dichter, skriuwer en teatermakker. Syn boeken en bondels waarden mei entûsjasme ûntfongen en nominearre foar ferskate prizen. As teatermakker spile hy, tegearre mei de garagejazzband Kruidkoek, troch hiel Nederlân. Fanút Explore the North is Joost belutsen by de produksjes Vruchtjes Eten, Tuut Tuut Kwantumschuim, Blabbermouth, Liefde in tijden van Hopjesvla, LORCA en GEESTEN.

Hy publisearre de bondels Vliegenierswonden en De Stort, de romans Het Perenlied en Visjes, de novelle De zon als hij valt, de vinylsingle Joost Oomen en it album Vruchtjes Eten yn gearwurking mei Kruidkoek. Mei Kruidkoek makke hy ek de foarstellingen Vruchtjes Eten en Tuut Tuut Kwantumschuim. Joost Oomen wie sawol húsdichter fan de Rijksuniversiteit yn Grins as stedsdichter fan Grins en wûn yn 2011 it Hendrik de Vries Stipendium foar nije literatuer. De Volkskrant neamde him yn 2021 literêr talint fan it jier. Njonken dichter en skriuwer is Oomen ek aktyf as organisator fan Kantoorpoëzie, Dichters in de Prinsentuin, Explore the North en Het Personage. Hy waard yn 2021 bekend by it brede publyk troch syn dielname oan De Slimste Mens.

Projecten