Jan Glas (1958) wie de earste Grins-talige dichter op it podium fan Poetry International 2013 yn Rotterdam. Syn gedichten binne sawol humoristysk as sniedend; de bylden dy’t er opropt, binne soms hurd as beton en op in oare wize fragyl as glês. En se binne lyts – sa lyts dat se maklik nestelje kinne yn in holte yn dyn holle en dêr nea fuort komme. Hy kin de essinsje fan in barren of personaazje fange sûnder it by namme te neamen – faak troch oer wat oars te praten, dat is it kenmerk fan de master. Glas bringt sawol Grinzers as Nederlânsk wurk út. Bûten it dichtsjen is er ek byldzjend keunstner en fotograaf, wat syn wurk beynfloedet. Neist syn bundels skreau hy ek in pear Grins-talige teksten foar projekten yn de iepenbiere romte, ûnder oaren foar it rotonde-byld yn Delfzijl en foar de Noordzeebrug yn Grins.