Jaimy Hindriks

Website

Jaimy Hindriks (1992) droech tidens de skoal-musical yn groep 8 har T-shirt binnenstbûten en efterstfoaren en fergeat har tekst. Tweintich jier letter fielt it libben noch altyd binnenstbûten en efterstfoaren, mar de sinnen ferjit se net mear – dy makket se no sels. It net begripe fan it libben hat se ta in keunstfoarm makke, wêrmei’t absurde situaasjes ûntsteane. Har teksten binne in ode oan de eigenaardige minske. Se stie ûnder oare op Vurige Tongen Ruigoord, Dichters in de Prinsentuin en Dichters in het Donker. Dêrneist organisearret se ferskate eveneminten en jout poëzy-workshops oan bern.