Jaap Robben

Jaap Robben (1984) is skriuwer, dichter en teatermakker. Jaap skriuwt net spesjaal foar in leeftyd, mar krekt foar elkenien yn it bysûnder. Do kinst Jaap kenne fan syn bekroande berneboeken (Suzie RuziePlasman), as eardere stêdsdichter fan Nimwegen, mar ek fan syn súksesfolle romans Birk en Simmervacht. Fan DWDD Boek fan ‘e Moanne oant de Nederlânske Boekhannelpriis, en fan boekferfilmingen oant in protte oersettings: Jaap hat it allegear op syn namme stean.