De Iraakse skriuwer en filmmakker Hassan Blasim liet de Ljouwert-reeks sjen begjinne. Hy giet it wrede mearke fan de werklikheid te liif mei oertsjûgjende wapens: ferbieldingskrêft en taalgefoel. Syn ferhalen binne fantastysk, yn elke betsjutting fan it wurd – direkt, rau en mei swarte humor. Yn 1998 fûn hy syn wei nei Iraaks-Koerdistan, dêr’t hy ûnder in pseudoniem films makke, om’t hy benaud wie foar de feiligens fan syn famylje ûnder it rezjym fan Saddam Hussein. In jier letter ferliet hy Irak en reizige as immigrant troch Iran, Turkije, Bulgarije en Hongarije oant er him yn 2004 yn Finlân fêststelle koe, dêr’t er no wennet en wurket.
Hassan Blasim bleau nei syn optredens op Explore the North 2017 langer yn Ljouwert en hat dêr oan ferskate ferhalen en gedichten wurke. Yn desimber fregen wy Hassan oer syn yndruk fan ‘e stêd, syn ûnderfinings as ynternasjonaal erkende auteur en oer de Arabyske literatuer.