Francesca Birlogeanu

Francesca Birlogeanu (2002) studearret genêskunde en skriuwt proaza en poëzij. Yn 2022 die se mei oan it CBK Poetry Slam en yn ’e simmer fan 2023 gie se mei deBuren op skriuwresidinsje nei Parys. Har poëzij is te finen yn o.a. Kluger HansDeus ex MachinaHet Liegend Konijn, op websiden lykas DIG en Hard//Hoofd, en op poadia lykas Dans Dichter Dans, de Nijmeegse Poëzienacht, it Antwerpen Queer Arts Festival en it TILT festival. Yn har wurk ûndersiket se graach lichemlikens yn al har foarmen en test se de grillige grinzen tusken seksualiteit, spiritualiteit, it kognitive en it sensoriële. Francesca wennet yn Leuven, tegearre mei har boeken, heal-ôfmakke keunstwurken en plantebern.