Esmé van den Boom

Esmé van den Boom (1993) skriuwt proza, gedichten en lietjes. Se droech mei tekst en muzyk ûnder oaren foar by de Frankfurter Buchmesse en op poadia en festivals lykas Noorderzon, Dichters yn de Prinsentuin, Read My World en Onbederf’lijk Vers. Se stie yn de finale fan Write Now! 2017 en gong mei op Zomerkamp mei Das Mag. Yn 2016-2017 wie se húsdichter fan de Rijksuniversiteit Groningen en skreau foar dy gelegenheid de bundel Zomerwee. Se wûn it Hendrik de Vriesstipendium fan de gemeente Grins en publisearre dêrmei yn desimber 2019 har debútbundel Eigen kamers.