Erik Vlaminck krige bekendheid mei syn seis-dielige roman Het schismatieke schrijven oer it ûngewoane libben fan gewoane minsken yn it Flaanderen fan de 20e ieu. Syn trochbraakroman Suikerspin (2008) ferskynde yn 2008 en syn meast resinte roman De Zwarte Brug (2016) wie seis wiken nei it ferskinen al by de 5e druk. Neist dizze romans skriuwt er ek de humoristyske, mar dúdlike kollumn Brieven van Dikke Freddy, dêr’t in dakleaze brieven skriuwt oan de grutten fan ‘e ierde. Yn de searje, dy’t op www.sociaal.net ferskynde en letter ek yn meardere bondels útbrocht is, bringt Vlaminck humor en maatskippijkritiek byinoar.
Yn febrewaris, oan it ein fan syn ferbliuw yn Ljouwert, presintearre Vlaminck in diel fan syn Citybook en droech hy foar út De gemakkelijke stoel, in monolooch út syn boek De schande en de keerzijde (2014), dat hy tegearre mei Jos Geysels skreaun hat.