Douwe Dijkstra

Teatermakker, performer en muzikant Douwe Dijkstra begûn syn poadiumkarriêre op syn trettjinde tidens it tintfeest yn it Fryske Eastersé, dêr’t er op de plaatsjewedstriid it nûmer Straight Hate fan de Braziliaanske deathmetalband Sepultura playbackte. Sûnt dy tiid is er net mear fan it poadium ôf te slaan.

Sa makke er ûnder oare mei it necropoporkest Douwe Dijkstra en de sneue fertoaning en it ferljochtingsensemble Turboguru de poadia yn binnen- en bûtenlân ûnfeilich. Ek is er ien fan de oprjochters fan it yntusken ophefte keunstnerskollektyf Heksenhamer.

Yn 2024 brocht er syn earste solofertoaning út: Let’s get mental, dêr’t er it tema mentale sûnens ûnder de lûp nimt – útgeande fan syn eigen ûnderfining op de bank by de terapeút, yn kombinaasje mei syn eftergrûn út syn stúdzje ta psycholooch.