Bram Zielman

”Ik bin Bram, ek wol bekend as Bramsez. Ik dicht graach oer myn ynwenige wrâld – assosiatyf en soms mei in filosofyske ynslach. Gedichten kinne my in protte freugde bringe. Ik haw twa dichtbondels útbrocht.

Ik bin in grutte leafhawwer fan boeken. Skriuwers as Khalil Gibran, Fernando Pessoa, Herman Hesse, Haruki Murakami, Krishnamurti (en sa fierder :)) boeie my tige.

Ik bin in aardich yntrovert persoan. It poadium is net myn natuerlik plak fan rêst, mar ik nim graach in útdaging oan. Skriuwen doch ik it leafst ûnderweis, en as ik yn in floei sit. It moaiste oan foardragen op poadia fyn ik dat ik hear wat de tekst mei immen oars docht.”