Abdomen

De punkband Abdomen bestiet út trije eigensinnige Friezen. Punk, garage, noiserock: neam it hoe’tsto wolst. Genres binne net wichtich, earbeskerming wol. Harren live-shows binne enerzjyk, bûtensporich, chaotysk en net yn ien hokje te pleatsen, mar foaral hiel suver en hurd.

Abdomen boude live ûnderfining op troch support te jaan oan bands lykas Ex-Cult en Bad Breeding, diene mei oan de Popronde, spilen op Eurosonic en diene shows yn it Feriene Keninkryk, Frankryk, Belgje, Dútslân en Noarwegen.

Projecten