De wrâldferneamde skriuwer en sosiolooch Édouard Louis komt yn novimber nei ús festival!
De Frânske auteur is bekend fan syn tige persoanlike, autobiografyske romans oer ûnder oaren syn famylje, syn homoseksualiteit yn in homofobe omjouwing, rasisme en it opgroeien yn de arbeidersklasse fan Noard-Frankryk. Yn 2014 briek Édouard Louis troch mei syn earste roman Weg met Eddy Bellegueule. Yn novimber ferskynt it lêste, sechsde diel fan dizze (famylje)rige: De ûndergong. It wurk fan Édouard Louis wurdt wrâldwiid oerset, ferfilme en benammen ek as teaterstik opfierd.
Op snein 23 novimber giet Édouard Louis by ús yn petear mei kollegaskriuwer en freon Raoul de Jong. Op moandei 24 novimber is er ek te sjen yn de Stadsschouwburg Utrecht, organisearre troch ILFU. Se prate oer syn nije roman en sjogge werom op alle dielen fan it famyljeprojekt. Mei byldfragminten en foardrachten troch akteurs komme de wichtichste tema’s út syn wurk foarby.
Wy ferwachtsje in bysûndere jûn, mei in iepenhertich petear oer syn hiele oeuvre, ferrike mei byldmateriaal fan de teaterbewurkingen.
Neist wykeinkaarten binne ek de deikaarten no te krijen.
Priizen wykeinkaartsjes
- Wykeinkaartsjes €56,-
- Jongerein-kaartsjes €22.50 (13 o/m 25 jier én studinten)
- De Bern-kaartsjes €11.00
Priizen Deikaartsjes
- Freed 21 novimber €28,50
- Sneon 22 novimber €33,50
- Snein 23 novimber €28,50
Dit programma om Édouard Louis hinne is in gearwurking tusken Explore the North en ILFU (International Literature Festival Utrecht).
De foarwille begjinne kin alfêst mei in podcast fan Boeken FM troch De Groene Amsterdammer en Das Mag waarin zijn boeken Geschiedenis van geweld en Strijd en metamorfose van een vrouw worden besproken.