It Stedshert
23 Sep 2025

Fan 5 oant en mei 23 novimber feroaret Podium Explore – de thúsbasis fan Explore the North – yn it Stedshert. Trije wykeinen lang organisearje wy in iepen hûs foar ynwenners, (festival)besikers en elkenien dy’t ferlet hat fan in portie hoop yn betiizjende tiden. De datums, tiiden en it earste programma meitsje wy hiel gau bekend. Tidens it festivalwykein op 21, 22 en 23 novimber is it Stedshert ít plak om dyn mede-festivalbesikers te moetsjen en in hapke te iten.

Do fynst yn it Stedshert talige, feestlike, kulturele en muzikale ferrassingen: in ferhaal dat immen foar it earst lûdop dielt, in gerjocht dat tinken docht oan thús yn ús pop-up-restaurant en noch folle mear. It measte fan it programma is fergees te sjen. En ek as der efkes neat pland stiet, bist fan herte wolkom foar in drankje, in goed petear, lekker lêzen of in koartsje. It Stedshert-programma komt ta stân yn gearwurking mei de in protte kulturele en literêre inisjativen dy’t Ljouwert ryk is. Kom binnen, ûntdek nije ferhalen, moetsje nije freonen (fan jong oant âld) en – boppe-al – hâld dyn klompke hoop goed fêst, sadatst dy der noch lang mei waarmje kinst.