It festivalwykein fan Explore the North is in trijedeiske ûntdekkingsreis fol ferhalen yn allerhanne foarmen. Op prachtige lokaasjes yn de histoaryske binnenstêd fan Ljouwert nimme muzikanten, teatermakkers en dichters dy mei yn eigen(sinnige) ferhalen, foarstellingen, konserten en mear.
Us festivalwykein fynt plak op freed 21, sneon 22 en snein 23 novimber 2025. Kom ferdwale yn ferhalen en lit dy meinimme nei tsjerken, in âlde finzenis, in krûdeierswinkeltsje, ús eigen Podium Explore en mear!
Helje dyn reguliere wykeinkaartsje foar € 56,-. Foar jongerein o/m 25 jier, studinten en bern is der in spesjaal foardielich kaartsje te krijen. Us deikaartsjes binne ek yn ’e ferkeap: in freedtekaartsje kostet € 28,50, in sneonskaartsje € 33,50 en in sneinskaartsje € 28,50.
It hiele programma is hjirûnder te finen.









It festivalprogramma

Foargeande edysjes
Benijd nei wat der de ôfrûne jierren op it programma stie? Sjoch werom op alle festivale-edysjes yn ús argyf.