Explore The North Festival 2025 bringt hoop yn dyn needpakket

Wy wolle mei dy trije dagen lang ferhalen fiere, yn al har foarmen. Keunstners ûndersykje tegearre mei dy wêr’t skientme en leafde noch te finen binne yn in grommjende wrâld. Sjonge, dûnsje, swit mei ús mei en blaas de hoop wer nij libben yn.

Fyn dyn enerzjy werom by skriuwers en teatermakkers dy’t dy wekker tútsje mei Sinéad O’Connor, de marsmantsjes fan Spicer en de treastlike gedachte dat elkenien der ta docht – al is it mar om dyn monstera yn libben te hâlden. Audiomakkers fertelle dy hoe’t in tafallige moeting by in bushokje dyn libben feroarje kin. En as dat noch net genôch is, binne der muzikanten dy’t dy yn beweging sette mei ferpletterjende beats, mei 2-snarrige bassen, harpen, soundscapes, spoken word en mear. En as alle hope om ’e nocht liket, binne der altyd noch de dichters. En do, fansels.

As in fjoerflinter sweefst troch de Ljouwerter binnenstêd lâns hiel ferskate plakken – fan tsjerken oant kelders oant in âlde finzenis. Hope is oeral, ast mar op ferkenning giest.

Wy stjoere dy mei in klompke hoop wer nei hûs. Kôgje derop, lis it yn ’e kuolkast, of plantsje it yn dyn tún en sjoch wat der bart.