Fan 5 o/m 23 novimber ferpleatse wy de Stadskas nei Podium Explore – thúsbasis fan Explore the North – ûnder de namme it Stadshert. Trije wykeinen lang organisearje wy in swiete ynfal foar ynwenners, (festival)besikers en elkenien dy’t ferlet hat fan in porsje hoop yn betiizjende tiden.
Studio foar wurd, died & disco
Yn it Stadshert komst talige, feestlike, kulturele en muzikale ferrassingen tsjin: in ferhaal dat immen foar it earst lûdop dielt, in gerjocht dat tinken docht oan thús yn ús pop-up-restaurant, en noch folle mear. It grutste part fan it programma is fergees te besykjen (útsein de foarstelling fan Dood Paard op 7 novimber). En ek as der efkes neat pland stiet, bist fan herten wolkom foar in drankje, in goed petear, lekker lêzen of in dutse. It Stadshert-programma ûntstiet yn gearwurking mei de tal fan kulturele en literêre inisjativen dy’t Ljouwert ryk is. Dwalje nei binnen, ûntdek nije ferhalen, moetsje farske freonen (fan jong oant âld) en boppe-al: hâld dyn klompkje hoop goed fêst, sadatst dy der noch lang oan waarmje kinst.
Tidens it festivalwykein op 21, 22 en 23 novimber is it Stadshert dé plak om dyn meifestivalbesikers te moetsjen en in hapke te iten.
Iepeningstiden
Eltse tongersdei o/m snein iepen fan 12.00 – 00.00 oere
Lunch: 12.00 – 15.00 oere
Studio Stadshert: 13.00 – 17.00 oere
Jûnsmiel: 18.00 – 20.00 oere
Jûnprogramma: 20.00 – 00.00 oere