Explore the North Festival 2026 fynt plak op 20, 21 en 22 novimber 2026. It festivalwykein fan Explore the North is in trijedaagse ûntdekkingstocht fol ûnûntdutsen keunst. Op prachtige lokaasjes yn de histoaryske binnenstêd fan Ljouwert nimme muzikanten, teätermakkers, skriuwers en dichters dy mei yn eigenwize ferhalen, foarstellingen, konserten en mear. Komst te moshen op poëzy?
Kaartsjes
Dyn kaartsjes foar it festivalwykein fynst fia ús webshop. De folsleine festivalbelibbing krijst mei it wykein- of passepartoutkaartsje, dêrmei hast trije dagen lang tagong ta ús folsleine festivalprogramma. Dêrneist binne der ek deikaartsjes te krijen, dêrmei hast op freed, sneon of snein tagong ta it folsleine programma fan dy dei. Foar bern oant en mei 12 jier hawwe wy in spesjaal bernekaartsje en ek foar jongeren oant en mei 25 jier hawwe wy in ekstra goedkeap kaartsje. Wy ferkeapje gjin losse kaartsjes foar festivalprogramma’s.
Wykeinkaartsjes
- Wykeinkaartsjes binne €60,50
- Jongerekaartsjes binne €28,50 (13 oant en mei 25 jier en studinten)*
- Bernekaartsjes binne €12,00
Deikaartsjes
- Kaartsje freed 20 novimber €33,50
- Kaartsje sneon 21 novimber €38,50
- Kaartsje snein 22 novimber €30,50
- Nachtkaartsje sneon 21 novimber (fan 22:30 oere ôf yn Neushoorn) €11,00
*Nim dyn studintekaart of identiteitsbewiis mei by it ophâlden fan dyn festivalpolsband.
Let op: It programma, de tiden en lokaasjes binne ûnder foarbehâld.
Festivalbantsjes
Om tagong te krijen ta alle festivallokaasjes wikselest dyn kaartsje yn foar in polsbantsje. Dit festivalbantsje kinst tidens it festivalwykein ophelje yn ús festivalhert Podium Explore (Bagijnestraat 59). Dit binne de iepeningstiden fan de baly dêr’tst dyn polsbantsje ophelje kinst:
Freed 20 nov | 12:00 – 22:00 oere
Sneon 21 nov | 12:00 – 22:00 oere
Snein 22 nov | 10:30 – 18:00 oere
Blokkenschema
Check hieronder het volledige festivalprogramma en download onze TIMESQUARE app om het blokkenschema om je festivalroute uit te stippelen.
Iten en drinken
Tidens Explore the North Festival biede wy in 100% fegetarysk menu oan, mei in (alle dagen wikseljend) deiskûtel. By de festivallokaasjes De Harmonie, Neushoorn en De Beatriks kinne jo oan de bar ferfrissende drankjes krije.
Programma-bysûnderheden
Tink derom: soms geane de doarren ticht op it momint dat it programma begjint
Der binne hieltyd mear programma’s te sjen dy’t it bêste folslein belibbe wurde kinne. Dêrom jouwe wy yn it blokkenskema (en op ús webside by elk programma-ûnderdiel) oan by hokker programma’s de doarren tichtgeane op it momint dat it programma begjint. Dat jouwe wy oan mei in klokje.
Kruipdoorsluipdoorprogramma
Binnen dit programma sjochst nij wurk en wurk yn ûntwikkeling: koarte foarstellingen fan maksimaal 30 minuten op bysûndere, yntime lokaasjes. Dit jier wurkje wy sûnder gidsen. Do bist sels de bêste gids by it gearstallen fan dyn eigen rûte. Der is wol beheind plak per lokaasje. It programma fan Krûpderkrûp is hjir te finen.
Programma’s op oanmelding
Foar in pear programma’s moatst apart in plak reservearje. Dit jildt foar Fyn it ljocht op sneon 21 novimber, de live-sesjes fan Vincent Swierstra op snein 22 novimber en Eline de Vries – SRV op sneon en snein. Fan begjin novimber ôf kinst dy oanmelde.
Foar de Brakke Brunch mei Poetry Circle op snein 22 novimber jildt: do kinst sûnder oanmelding nei binnen, mar wolst by dit programma brunche? Helje dan foarôf dyn ytkaartsje fia ús webshop.
Tagonklikens
Club Guy & Roni, Boris Ackett & HIIIT – The Current
Foar dizze foarstelling jildt: der is mar beheind plak. Wolle jo dizze totale rave net misse? Soargje dan dat jo rom op ‘e tiid by De Harmonie binne, want fol = fol. Tidens de foarstelling wurdt gebrûk makke fan stroboskopysk ljocht, reek en lûd op heech folume.
Rolstoeltagonklikens
Bist min op ‘e gong of brûkst in rolstoel? Wy hawwe de meast wichtige ynformaasje op dizze side foar dy sammele om dyn besite sa soepel mooglik ferrinne te litten.
Berikberens
Ljouwert is goed te berikken mei it iepenbier ferfier. Fanôf stasjon Ljouwert is it sa’n 10 minuten rinnen nei it sintrum en dêrmei nei de measte festivallokaasjes. Jo kinne parkeare yn de parkeargaraazjes by it Aldehouster Tsjerkhôf of it Saailân. Reizgje jo fan in oar stasjon mei Arriva? Dan kinne jo gebrûk meitsje fan in goedkeap Arriva-deikaartsje.
Oernachtsjen
Wolle jo graach oernachtsje?
Dan kinne jo tidens it festival mei koarting yn Ljouwert oernachtsje by Post Plaza of Vie Via mei de koartingskoade: explorethenorth26.
Oare saken
Fûne foarwerpen
Binne jo wat kwyt of hawwe jo wat lizze litten op ien fan de festivallokaasjes? Stjoer ús gerêst in e-mail op info@explore-the-north.nl, dan helpe wy jo graach by it weromfinen fan jo ferlerne guod.
Explore the North Festival yn byld
Explore the North Festival wurdt alle jierren troch professionals yn byld brocht. As jo it festival besykje, is der dus in kâns dat jo fotografearre wurde.
Garderobe
Yn De Harmonie is in bewekke garderobe. Hjir kinne jo feilich jo jassen en tassen ophingje. By de oare festivallokaasjes is it brûken fan de garderobe op eigen risiko.