Fan hjoed ôf kinst harkje nei de folsleine fiksjonele podcast Gran Canaria, wie neemt ons mee? — fiif ôfleveringen fol tragikomyske petearen oer stilstean, ferlet en ferbining.
Oer it ferhaal
In wachthokje op it plattelân. Twa frjemden. En in bus dy’t mar net komt. Yn Gran Canaria, wie neemt ons mee? harkst yn realtime nei Gerard en Marcel, dy’t inoar tsjinkomme by in bushalte net fier fan it strangleauwe doarp Grafsloot. Wylst se wachtsje op in bus dy’t miskien nea komme sil, ûntspillet him tsjin wil en dank in tragikomyske dialooch oer stilstean en yn beweging komme, de illúsje fan in kontrolearber libben en de fraach hoe’t je it eins dwaan moatte, dat mins-zijn.
Alle ôfleveringen binne fan hjoed ôf fergees te beharkjen fia dyn favorite podcast app.
Live hoorspel
Tidens it Explore the North Festival komt it ferhaal ek ta libben yn in teäterferzje. Op snein 23 novimber spylje Raymond Muller en Douwe Dijkstra de liveferzje yn de Lutherse Tsjerke yn Ljouwert. Kaarten binne te krijen fia explorethenorth.nl.