Explore the North stipet ‘Wy easkje de nacht op’
1 Sep 2025

Explore the North stipet de lanlike aksje Wy easkje de nacht op: in oprop om te soargjen dat froulju ek nachts feilich en selsstannich oer strjitte kinne.Wy diele de boadskip fia ús kanalen en ljochtsje yn de wike fan 1 oant 7 septimber ús Podium Explore oranje út.
Yn Ljouwert ferskynt yn gearwurking mei Kroft & Smids, in projeksje yn ’e stêd mei de tekst Wy easkje de nacht op.

Lês hjir mear oer de aksje en de organisaasje