Wild Classical Music Ensemble

Festivalwykein
Explore the North 2025
Kaartsjes

It komt allegear wol goed

Eksperiminteel, punk, meartalich, folslein DIY (tink: in bas mei twa snaren! tink: frjemde fluiteftige elektroanika!) en boppe alles hielendal autentyk – in band as de Wild Classical Music Ensemble komt mar selden foarby. En dat is net frjemd, want dit Belgyske kolletyf is tige populêr. Se wurken gear mei punkleginde Lee Ranaldo (mei-oprjochter fan Sonic Youth) en toere dit jier fan Londen oant Praag mei it album Confined, in plaat fol nûmers dy’t yn isolaasje ûntstien binne ûnder de koroanapandemy en no – kleurich en ûnfiltere – byinoar brocht binne.

De Wild Classical Music Ensemble is ûntstien yn 2007 út in workshop eksperimintele muzyk fan it Kortrykster inisjatyf Wit.h, dat de keunstwrâld tagonkliker meitsje wol foar ‘crip’-keunstners – in grutske geuzennamme foar minsken dy’t fan ‘e noarm ôfwykje troch in beheining of handicap. Yn Nederlân noch net in bekende term, mar dêr bringt WCME wis feroaring yn mei harren rau-echte punksongs en teksten dy’t like eigenwiis as ûntwapenjend binne. Favoriet: Tout va bien se passer (It komt allegear wol goed)!