Life is a vieze sirkel – en do hearst derby
Poëzy, dikke rave, humor en performance: de live shows fan Vieze Meisje binne it allegear tagelyk. Tegearre mei har producer Azertyklavierwerke nûget se dy út foar de Vieze Cirkel, in eksklusive klup foar elkenien. De perfekte enerzjy foar dyn sneonmiddeis yn de Grutte Seal fan Neushoorn. Al allinnich de artystenammen soene reden wêze om by dizze klup hearre te wollen, mar foar wa dochs wat mear grip wol:
Vieze Meisje skriuwt betoverjende, hast dadaïstyske teksten oer twifels, tekoarten en it bestean. Saken as ‘heimwee nei de famkes dy’t ik wêze koe’, mayonais en oft se de dokter no bellen moat of net. Foegje dêr de hege-tempo-electrobeats fan Azertyklavierwerke by en do belânst yn in unyk universum. Is it in konsert? In afterparty? In kultus? It makket allegear net út. Life is a vieze cirkel – en do heart derby.
“Wa’t nei in konsert fan Vieze Meisje giet, treedt ûnferjitlik en ûnûntkomber ta ta de wrede sirkel fan de Vieze Cirkel. Der is gjin betingst foar dyn opname. As do der bist, bist der by en meitsje mei fan it momint in momentum..” – Bruzz.be