In live-harkspul op steroïden
Masterferteller Thomas Dudkiewicz fan it performancekollektyf URLAND en sounddesigner Tomas Loos binne al jierren op syk nei It Ferhaal fan alle Ferhalen. En as wie dat noch net ambisjeus genôch, se rjochtsje har yn harren nijste produksje op it hoe fan it libben. Wurktitel fan de foarstelling yn opbou: THIS IS HOW. En op ús festival krijst in eksklusyf foarpriuwke.
It is in harkspull 2.0: do krigest in koptelefoan op en lústerst nei in ferhaal dat fersterke wurdt troch in immersyf binauraal lûdsysteem dat de ûnderfining mear-dimensjonaal dyn holle yn stjoert. En dan hawwe wy it noch net iens hân oer dy fantastyske stim(men) fan Dudkiewicz. Syn tagline is net foar neat: “One man. Infinite voices.”
Foar de wissigens: nimmen mei URLAND fertelle dat se sels hieltyd de latte foar It Ferhaal fan alle Ferhalen heger lizze. It bringt ús produkten dy’t fierstente goed binne.
Taal: Ingelsk
Credits
Konsept, tekst & spul: Thomas Dudkiewicz
Sound design: Tomas Loos
Produksje: URLAND