Ugly

Festivalwykein
Explore the North Festival 2025
Kaartsjes

Meerstimmige frije fal

Net ien, net twa, net trije… mar fjouwer bejeftige sjongstimmen. Ja, yn ien band. De Britske band Ugly begûn as in wat rommelige indyrockband, mar groeide yn ’e koronatiid út ta in fokaall-dreaun sekstet datst eins better in ‘beweging’ as in band neame kinst. Tiidens de lockdowns ûntstie in gearwurkjende wize fan ferskes skriuwen en namen de leden rom de tiid om al dy moaie stimmen perfekt gearwurkje te litten. Dat smyt syn fruchten ôf op de debút-EP Twice Around the Sun, fol mei mearstimmige sang en repetitive, hymne-achtige refreinen. Ek taalspyljend is it album sterk, mei fokus op rituelen, boartlikens en absurdisme.

As wy it sintúglik meitsje: Ugly is sa’n band dy’t dy binnen ien en itselde nûmer optilt, it yn frije fal belânje lit en dan wer sêft delset. Nei ôfrin bist betize, mar bliid. Wat is der krekt bard? Hokker jier is it? Haw ik echt hurd meidien,hoewol’t myn stim klinkt as op crack? In must-see foar leafhawwers fan bands as Black Country, New Road en Big Thief. Kom sjen foardat dizze oansteklike beweging te grut wurdt om yn ien toerbus te passen.