Studio Stadshart: De Net-Ferkochte Albums fan Solder-Merk

Fan cd’s en vinyl oant DIY-bandshirts, fergees tourposters en oare muzikale relikwieën –
op de Net Ferkochte Albums Fan Solder-Merk fynst it allegear.

Sneup tusken de restpartijen fan lokale leginden, keap in stikje popskiednis of ûntdek in band dêr’tst net wist datst dy al lang leuk fynst. Want net ferkocht betsjut soms gewoan: net ûntdutsen.
Sneup derop los!Dizze merk is in ode oan alle makkers en muzikanten dy’t it gewoan besocht hawwe.

En, lit ús earlik wêze, dy’t har solder ek wolris leechmeitsje wolle. Efter elke doaze restfoarrie skûlet in ferhaal – en miskien wol dyn nije favorite plaat.

Oanmelde as ferkeaper
Wy woenen mei ús muzyk de wrâld feroverje, mar kamen net folle fierder as Hurdegaryp – en no stiet myn solder fol ûnferkochte cd’s, vinyl, t-shirts en drukwurk.” Herkenber? Ferkeap dyn guod op de ‘Net Ferkochte Albums Fan Solder-Merk’ yn Podium Explore op 15 novimber!

It oerkomt de bêsten: net alles watst útbringst rekket útferkocht. Gjin skande, mar wol spitich! Giene de cd’s, shirts en merch dochs wat minder hurd oer de toanbank? En wolst dy doazen no einliks ris kwyt? Meld dy fergees oan as ferkeaper fia it formulier.

Oanmelde as ferkeaper is fergees!


De Net Ferkochte Albums Fan Solder-Merk wurdt organisearre yn gearwurking mei AudioSport Records en Friesland Pop.

Oer it Stadshart
Fan 5 o/m 23 novimber ferpleatse wy de Stadskas nei Podium Explore – thúsbasis fan Explore the North – ûnder de namme it Stadshert. Trije wykeinen lang organisearje wy in swiete ynfal foar ynwenners, (festival)besikers en elkenien dy’t ferlet hat fan in porsje hoop yn betiizjende tiden.

*It hiele Stadshert-programma is fergees tagonklik, útsein Dood Paard – 3 x from Moscow + 🖤.

Is der dan ek wat te iten?

Jawis. Pop-up-restaurant De Voedselbar servearret lunch, jûnsmiel en all-day snacks. It Stadshert is dus ek gewoan dyn favorite kafee, mar dan sa’nien dêr’t altyd wol wat tofs te dwaan of te sjen is. En wêr’st maklik yn kontakt komst mei allerhanne kreative sênes, buertbewenners, freonen en community’s út de regio. Eltse dei iepen fan 12.00 oant 00.00 oere!