Stedshert/SHIFT:  Dood Paard - 3 x from Moscow +🖤

SHIFT Podium Explore Kaartsjes

3 x from Moscow +🖤

In treastlike jûn mei Russyske skodoarren oer ûnderdrukking, ûntsnapping, represje, earmoede – mar ek oer leafde en poëzy, mei de macht fan ‘e wanhoop. De twa ferhalen dy’t yn dizze foarstelling ferteld wurde, geane beide oer minsken dy’t beknipe reitsje en op ‘e flecht slaan – en foar wa’t de taal en de ferbylding it lêste skyld binne tsjin de ferneatigjende krêft fan ‘e werklikheid.

It earste part is in úttreksel út de film Manifesto (2022) fan de Russyske filmmakker Angie Vinchito. Dizze found footage-film is hielendal gearstald út faak shockearjende fideo’s dy’t Russyske bern en tieners op sosjale media set hawwe. De mobile tillefoan fan de jongerein wurdt yn dizze wrede wrâld brûkt as in foarm fan selsferdigening, wêrtroch’t se waarnimmers én oanklagers wurden binne. De film lit sjen hoe’t agressje en ûnderdrukking oan dizze nije generaasje trochjûn wurde.

Yn Tsvetajeva 1941 is de Russyske dichteres Marina Tsvetajeva oan it wurd, wa har libben sterk beynfloede wurdt troch it ferrin nei de Russyske Revolúsje fan 1917, dêr’t it élan al gau oerwoekere wurdt troch in repressive diktatuer. Troch West-Europa swalke en úteinlik werom yn de Sovjet-Uny, sjocht Marina hoe’t se alles kwytrekket: har reputaasje as dichteres giet teloar, har man wurdt ien fan de talleaze slachtoffers fan de Stalinistyske moardmasine, har dochter wurdt nei in ûnberikber plak ferballe en har soan ferfrjemdet har. Yn har folsleine fysike en geastlike isolearring kiest hja úteinlik foar de dea. Mar oant har lêste dei is se trou bleaun oan de taal: wurden binne sterker as wanhoop.

It tredde part giet oer de bedriging yn Stalker (ynspirearre troch de film mei deselde namme fan Andrej Tarkovski), dy’t sawol abstrakt as konkreet is, yn fergeliking mei dy yn it Tsvetajeva-ferhaal. Abstrakt, omdat wy ús yn in lânskip befine dat liket op it dekôr fan in boaze dream – in ferwûne wrâld dêr’t de ûnderdrukkende krêften gjin namme en gjin dúdlike boarne hawwe, in nimmenslân dêr’t in permaninte ramp plakfynt, en wêr’t de man dy’t op syk is nei de Verboden Zoneallinne mar fijânskip ûnderfynt. Konkreet, omdat Stalker ek giet oer de krêft en de fertwiveling fan de performer, dy’t syn publyk berikke en oertsjûgje moat dat syn skiere fertelling wearde hat en in wierheid belichemmet. Wurden skeppe de werklikheid.

De premjêre is op 16 oktober 2025 yn Frascati, Amsterdam.

Tekst: Rob de Graaf
Fan / troch / mei: Marien Jongewaard, Manja Topper, Angie Vinchito, Dirk Houthoff, Mario Mantel e.o.

Dizze foarstelling is ûnderdiel fan SHIFT, in inisjatyf fan Explore the North en Stadsschouwburg De Harmonie.
Ungepoleiste poadiumkeunsten: rau, earlik, aktueel en fersteurend. By SHIFT komst om’tst witte wolst wat der spilet: yn dyn holle, yn ‘e wrâld, mei de oar, mei dysels, op makro- en mikronivo. Foar nijsgjirrige tinkers en krityske dreamers. It hiele jier troch fynst hjir op wikseljende lokaasjes foarstellingen dy’tst sjoen hawwe moast, bûten de fêstleine paden fan it teater. Fan spoken word oant postmoderne dûns. Fan teatraal pamflet oant poëtysk rekwiem. It binne foarstellingen fan jonge én mear fêstige makkers dy’t hjoeddeistige ûnderwerpen oansnije en nei de takomst sjogge.