Stadshart: Welkomstborrel


Wolkomstborrel – mei Big Borrelplank Energy

Wy slute de Stadshert-aktiviteiten ôf mei de Borrelplank der Borrelplanken: in hapkeplank sa lang as ús kafee! It meterslange gefaart wurdt follein troch Zozo, ús Kroatyske chef (ek bekend fan Bite Me By Zozo). Elkenien is wolkom om te kommen proeven en proasten. Benammen minsken dy’t noch net sa lang yn Fryslân of Nederlân binne: nijkommers, ynternasjonale studinten, leafdesmigranten, nije buorlju – elkenien. Sykje in plakje oan ’e plank en proast op de wrâld as thús: op de kat yn it finsterbankje, de persoan njonken dy, de persoan njonken hím, en de persoan njonken hár – do snapst it wol.In smaklik tegendraads lûd tsjin polarisearring, en tagelyk in opstap nei in hoopfolle festivalperioade. Wolkom!

Neitiid kinst fansels noch hingjen bliuwe en dûnsje op plaatjes fan ien fan de DJ’s út DJ-Kollectyf FFataal.

Oer it Stadshart
Fan 5 o/m 23 novimber ferpleatse wy de Stadskas nei Podium Explore – thúsbasis fan Explore the North – ûnder de namme it Stadshert. Trije wykeinen lang organisearje wy in swiete ynfal foar ynwenners, (festival)besikers en elkenien dy’t ferlet hat fan in porsje hoop yn betiizjende tiden.

*It hiele Stadshert-programma is fergees tagonklik, útsein Dood Paard – 3 x from Moscow + 🖤.

Is der dan ek wat te iten?
Jawis. Pop-up-restaurant De Voedselbar servearret lunch, jûnsmiel en all-day snacks. It Stadshert is dus ek gewoan dyn favorite kafee, mar dan sa’nien dêr’t altyd wol wat tofs te dwaan of te sjen is. En wêr’st maklik yn kontakt komst mei allerhanne kreative sênes, buertbewenners, freonen en community’s út de regio. Eltse dei iepen fan 12.00 oant 00.00 oere!