Stedshert: Offisjele Iepening

Tongersdei 6 novimber: it ljocht giet oan yn ’t Stadshert!

Hjir kinst de hiele festivalmoanne ite, meitsje, moetsje én tal fan fergees tagonklike foarstellingen besykje. Dat moat fierd wurde!

Wy servearje tosti’s by de iepening fan pop-up-restaurant De Voedselbar, der is fuort fan alles te sjen en te dwaan yn Studio Stadshert, en sa gau’t de fyf yn ’e klok sit traktearje wy op in fergees borreltsje – en… der is in Top Secret Jûnprogramma!
Foar minsken mei moves: dûnsber wurdt it hoe dan ek.
Koartsein: in folweardige en ekstra feestlike foarpriuwke fan wat der de hiele moanne op stapel stiet yn dyn nije favorite húskamer!

Op in rychje:

  • 12.00 oere: Iepening pop-up-restaurant De Voedselbar
  • Fan 13.00 oere ôf: Start Studio Stadshert mei ûnderdielen De Redaksje, Punnikparade & eksposysje Recepten tegen Eenzaamheid
  • 17.00 oere: Borrel (it earste drankje krijst fan ús!)
  • 18.00 – 20.00: Jûnsmiel troch Alusein, Eva en Sofie (lytse gerjochten, lytse prizen, mar makke mei ûnbetelle leafde)
  • 20.00 – 00.00:Top Secret Avondprogramma + dûnsje op plaatjes fan ien fan de DJ’s út DJ-kollektive FFataal

Oer it Stadshert
Fan 5 o/m 23 novimber feroaret Podium Explore yn it Stadshert. Elts middeis organisearret in oare lokale scene of community in DIY-sesje ûnder de namme Studio Stadshert. De iene dei kinst as besiker gitaarpedalen solderje, de oare dei learst hoe’st dyn eigen sûrdeegstarter makkest. En dan jûns lekker bykomme mei bandtsjes, lêzings en foarstellings!

* It hiele Stadshert-programma is fergees tagonklik, útsein Dood Paard – 3 x from Moscow + 🖤.

Is der dan ek wat te iten?

Jawis. Pop-up-restaurant De Voedselbar servearret lunch, jûnsmiel en all-day snacks. It Stadshert is dus ek gewoan dyn favorite kafee, mar dan sa’nien dêr’t altyd wol wat tofs te dwaan of te sjen is. En wêr’st maklik yn kontakt komst mei allerhanne kreative sênes, buertbewenners, freonen en community’s út de regio. Eltse dei iepen fan 12.00 oant 00.00 oere!